Willem Muurling
Willem Muurling (Boalsert, 27 april 1805 - De Haach, 9 desimber 1882) wie in Nederlânsk teolooch.
Teolooch
bewurkje seksjeMuurling waard troch de predikant J. J. Lorgion fan De Lemmer op it spoar fan de teology brocht. Hy studearre teology yn Utert, promovearre dêr op 14 April 1831 mei de dissertaasje De Wesseli Gansfortii vita; hy waard dêr tige beynfloede troch de teolooch Ph. W. van Heusde. Fan 1832 oant 1837 wie er Herfoarme dûmny yn Stiens. Neikommend joech er les oan it Rijksatheneum yn Frjentsjer, mar yn 1840 waard er professor yn de teology oan de Universiteit fan Grins; dit amt besette er oant 1872 doe't er út reden fan sûnens ophâlde moast. Muurling wie in foaroansteand lid fan de saneamde "Grinzer rjochting", in progressive beweging yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Nei syn heechlearaarskip bleau er warber foar de frijsinnige begjinsels yn de feriening Licht, Liefde, Leven en yn de ôfdieling fan it Nederlânske Protestantebûn.
Persoanlik libben
bewurkje seksjeMuurling wie in soan fan Jochem Muurling, winkelman, en Wiepkje de Haas. Syn âlden stoaren doe't er noch jong wie, dat hy waard grutbrocht by syn pake en beppe op De Lemmer. Hy wie de skoanheit fan de teolooch Abraham Kuenen (1828-1891). Op 14 oktober 1832 boaske er oan Ite Westerbaan (1808-1848). Yn 1850 troude er op 'en nij mei de widdo Dijxhoorn, berne Maria van der Loeff (1812, dy't yn 1882 in pear dagen nei him stoar).
Publikaasjes
bewurkje seksjeIen fan syn meast bekend wurden wurk is in hânbook oer praktyske teology mei de titel Practische Godgeleerdheid of beschouwing van de Evangeliebediening.
Oar wurk fan Muurling is:
- Louis Gerlach Pareau: Een Levensbeeld;
- Hervormde Kerk: Een handboek bij de Acad. lessen, Groningen 1851-'57
- Resultaten van onderzoek en ervaring op godsdienst gebied, Groningen 1865-'67
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|