Willem Wilminkpriis

De Willem Wilminkpriis is in priis foar it bêste berneliet. De priis wurdt alle twa jier útrikt oan de makker(s) fan in liet foar bern/jongerein yn de leeftiid fan de basisskoalle dat yn de foarôfgeande twa jier skreaun of útkomd is op cd of dvd of útfierd is yn it teater of op tv.

De priis is ferneamd nei de dichter/skriuwer Willem Wilmink.

Inisjatyfnimmers foar de priis binne: Stichting Enschede Promotie en de Stichting Willem Wilminkfestival. It idee foar de priis komt fan berneboekeskriuwers Koos Meinderts en Sjoerd Kuyper.

De priis bestiet út in jildbedrach fan € 5.000,- (dêr't € 4.000,- fan ornearre is foar de tekstdichter en € 1.000,- foar de komponist), in oarkunde en in byld dat in harkjende skriuwer foarstelt, ûntwurpen en makke troch byldzjend keunstner Helga Kock am Brink út Ynskedee.

jier liet tekstdichter toandichter oantekening
2010 Opa Hans Kuyper Mattie Poels bernesjuerypriis
2010 Onberispelijk Ted van Lieshout Oene van Geel
2012 Roodkapje Marjet Huiberts Benaïssa Linger bernesjuerypriis
2012 Maite Maria Koos Meinderts Thijs Borsten
2014 Op de markt Floortje Schoevaart Henny Vrienten
2016 Snap je? Optellen van breuken Jan Beuving Akwasi
2018 Kilo, pond en ons Katinka Polderman Kenny B
2019 Kijk Eens Wat Ik Kan Jeroen Schipper Kirsten Vermeij

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: