Willem VI fan Hollân

(Trochferwiisd fan Willem fan Oostervant)

Willem fan Oostervant (Den Haach 5 april 1365 - 31 maaie 1417) wie as Willem VI greve fan Hollân en Seelân, as Willem II hartoch fan Beieren-Straubing en as Willem IV greve fan Henegouwen. Hy troude mei Margareta fan Boergonje en se krigen ien dochter: Jacoba (1401 - 1436).

Willem VI

Willem wie de soan fan Albrecht fan Beieren en Margareta fan Brieg. Troch de grutte alluere mei bypassende pronk en preal dy't hy fan jongsôf oan fierde, wie Willem swier yn de skulden rekke en hie in soad fan syn domeinen, lannen en hearlikheden oan ferskate leden fan it ridderskip ferkeapje moatten of beliene. Syn yn 1406 oanstelde tesaurier en hofmaster, de Amsterdamse keapman Willem Eggert fan Gendt ferloste him lykwols yn koarte tiid fan syn skulden en soarge derfoar dat de greve alle ferkochte en ûnderpande lân en goed ôflosse koe en wer werom keapje koe. Sels winst wist dizze hofmaster foar syn greve te meitsjen, sadat Willem VI ien fan de rykste en machtigste foarsten fan it Roomske ryk waard. Willem liet ek kastiel Ter Lune by Kollum fersterkje.

Hy spile in rol yn de Hoekske en Kabbeljauwske Tsierderijen wêrby't hy him fersette tsjin syn heit. Hy wie wierskynlik ferantwurdlik foar de moard op dy syn minnaresse Aleid fan Poelgeest (1392). Heit en soan fersoenen har yn 1394. Yn 1401 kaam Willem yn konflikt mei Jan V fan Arkel, ien fan syn lânhearen, dy't him net mear tsjinje woe: dêrút ûntstienen de Arkelske Oarloggen. Nei alve jier kaam it Lân fan Arkel wer yn Hollânske hannnen. Willem waard yn 1417 opfolge troch syn dochter Jakoba.

Foarâlden fan Willem VI fan Hollân
Oerpake en oerbeppe Loadewyk II fan Beieren
(1229–1294)
∞ 1273
Mathilde fan Habsburg
(1253-1304)
Willem III fan Hollân
(1287-1337)
∞ 1305
Johanna fan Valois
(1294-1352)
Bolesław III de Fergriemer
(1291–1352)

Margaretha fan Bohemen,
(1286-1322)
Hendrik IV de Trouwe
(1292-1342)

Margaretha fan Brandenboarch
(-1323)
Pake en beppe Keizer Loadewyk de Beier (1282-1347)
∞ 1324
Margaretha II fan Henegouwen (1311-1356)
Loadewyk I fan Brieg (1321-1398)
∞ 1341
Agnes fan Głogów-Żagań (1321-1398)


Alden Albrecht fan Beieren (1336-1404)
∞ 1353
Margaretha fan Brieg (1342-1386)
Willem VI fan Hollân (1365–1417)