Willemstêd (Noard-Brabân)

(Trochferwiisd fan Willemstad (Noard-Brabân))

Willemstêd (Nederlânsk en offisjeel Willemstad) is in festingstêd yn de gemeente Moerdijk, yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân. Willemstêd leit dêr't Volkerak en Hollandsch Diep inoar moetsje.

Willemstêd mei de festingwurken

Willemstêd leit tusken Fijnaart en Numansdorp. Tichtby lizzende kearnen binne Helwijk, Klundert, Den Bommel, Achthuizen. Stêden dy't net fierôf lizze binne Rotterdam, Dordrecht en Breda.

De oarspronklike namme fan Willemstad is Ruigenhil. Fan 1584 ôf waard de namme Willemstad brûkt, ta eare fan de yn dat jier fermoarde Willem fan Oranje.

Op 28 maaie 1926 waard de status fan festing by Keninklik Beslút opheft. Yn 1970 waard de hiele eardere festing, mei de binnenstêd en in skoatsfjild in Ryksbeskerme stedsgesicht. De opset fan it plak Ruigenhil, in foarstrjittedoarp mei de Voorstraat en de Groenstraat en Achterstraat as efterstrjitten, is opnomd yn de tusken 1583 en 1587 boude festing.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: