Willem Jacobus (Wim) Eijk (Duivendrecht, 22 juny 1953) is in Nederlânsk Roomsk-katolyk geastlike. Hy wie fan 1999 oant 2008 biskop fan Grins-Ljouwert en dêrnei aartsbiskop fan Utert. Hy is sûnt 2012 ek Kardinaal.

Wim Eijk
geastlike
Wim kardinaal Eijk
Wim kardinaal Eijk
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Jacobus Eijk
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 22 juny 1953
berteplak Duivendrecht
religy Roomsk-Katolik
wijings
ta Kardinaal 18 febrewaris 2012
ta preester 1 juny 1985
ta biskop 6 novimber 1999
wapen
Wapen fan Wim Eijk
wurkpaad
1999-2008 biskop fan Grins-Ljouwert
2008- Aartsbiskop fan Utert
 
Wapen fan Wim Eijk as Biskop fan Grins-Ljouwert

Eijk waard ta pryster wijd op 1 juny 1985 troch Joannes Baptist Matthijs Gijsen, biskop fan Roermond. Hy waard 17 july 1999 ta biskop fan Bisdom Grins-Ljouwert beneamd. 6 novimber 1999 waard er ta biskop wijd troch Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert, mei Franciscus Jozef Maria Wiertz, biskop fan Roermond, en Sergio Lasam Utleg, biskop fan Ilagan, as ko-konsekrators.

Op 11 desimber 2007 waard hy ta aartsbiskop fan Utert beneamd en dêr 26 jannewaris 2008 ynstallearre. 18 febrewaris 2012 waard Eijk ta kardinaal-pryster fan San Callisto beneamd en 17 maaie 2012 ynstallearre.

Hy wie konsekrator fan:

Hy wie ko-konsekrator fan:

Keppelings om utens

bewurkje seksje