Roelof Knol
Roelof Knol (Meppel, 21 oktober 1922 - Dunegea, 17 maart 1945[1]), yn it ferset better bekend ûnder syn skûlnamme Wim Reinders, wie in winkelbetsjinner en yn 'e Twadde Wrâldoarloch in lid fan de Knokploech.
Yn de jûn fan 13 juny 1944 waard it distribúsjekantoar yn De Kúnder leechhelle. Knol hie him yn it kantoar opslute litten om syn kammeraten der jûns yn te litten. De brânkast waard op in bakfyts laden. Wiepke Hof bestjoerde de fyts. Hy wurke ek mei oan it fersprieden fan dropte wapens dy't fan it ôfwerpterrein yn it Ketliker Skar. Op 3 jannewaris 1945 die de Sicherheitsdienst in ynfal yn de wenning fan Hof, dêr't Luitjen Mulder en Roelof Knol ûnderdûkt wienen. De trije manlju waarden nei Crackstate op It Hearrenfean brocht.
Op 15 maart 1945 wienen twa leden fan de Wasserschutzpolizei fan De Lemmer oan it foerazjearen. Doe't se lâns de pleats fan de famylje Schotanus yn Dunegea kamen, waard dêr krekt in ko slachte troch inkele leden fan de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften. Der ûntstie in fjoergefjocht, wêrby't de Dútske revieroberwachtmeister Platt en de Nederlânske unterwachtmeister Kootstra deade waarden. As ferjilding waarden tsien politike finzenen, wêrûnder Roelof Knol, út Crackstate op it hiem fan de pleats fusillearre. Dêrnei waard it gebou yn de brân stutsen. De slachtoffers waarden earst begroeven yn Sint Nyk. Letter binne se begroeven yn harren eigen doarp: Hof waard beïerdige op it N.H. begraafplak yn Ychten. In stien yn de pleats fan Schotanus yn Dunegea yn Skarsterlân is setten as oantinken oan de fusillade.
Op De Lemmer is de Reinderstrjitte nei him neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |