Wim van der Veer (Holwert, 1939)[1] is in keunstskilder.

Selsportret

Hy skildert faak lânskippen fan giele nôtfjilden, griene greiden en dûnkere bosken. It is dúdlik wat der ôfbylde wurdt, mar it is mear in ekspresje as in krekte werjefte. Underwerpen binne faak Fryske lânskippen as de Fryske Wâlden, Biltske klaai of Frânske lânskippen mei sipressen.

Nei de ambachtsskoalle waard hy yn 1960 it jongste lid fan de keunstnersferiening It Frysk Palet’. Yn de jierren santich folget er in jûnsoplieding oan de keunstakademy Miverva.

Van de Veer jout mei in eigen fyzje it lânskip wer. It giet mear om de sfear as om it krekte werjaan. Meast fan de fyts ôf besiket er middels etsen, tekeningen, skilderijen en akwarellen om it deistige libben fan Fryslân fêst te lizzen.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Wim van der Veer, skilder fan Lân, Wetter en Portretten (2004)
  • Fryslân in geel groen en blauw, Leven en werk van Wim van der Veer (2014)

Fernijing yn:

  • 15 jaar galerie Goutum (2002)
  • Uitzicht op Hollands Laagland (2012)
  • Kunstschatten van Oranjewoud (2014)
  • Leeuwarden, de mooiste stadsgezichten (2018)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Koarte biografy fan Wim van der Veer