Wimbledon (tennistoernoai)
The Wimbledon Championships[1], better bekend as Wimbledon, is it âldste tennistoernoai fan de wrâld en is in grandslamtoernoai. Wimbledon wurdt beskôge as it meast prestisjeuze tennistoernoai fan de wrâld. It is ek it grutste gerstennistoernoai en is ien fan de pear tennistoernoaien dy't spilers ferplichtsje om wite klean te dragen.[2][3]
It jierliks weromkommende grandslamtoernoai, dat foar it earst yn 1877 spile waard, wurdt hâlden op de All England Lawn Tennis and Croquet Club yn de Londenske bûtenwyk Wimbledon. Wimbledon wurdt, krektas de trije oare grand slams, organisearre ûnder tafersjoch fan de International Tennis Federation. Yn de twa wiken yn juny en july dogge oan it haadtoernoai 128 inkel- en 64 dûbelspilers mei per geslacht. Ek binne der 24 spilers en 24 spylsters yn it mingddûbeltoernoai.
De inkeltoernoaien fan Wimbledon 2010 waarden troch de Spanjert Rafael Nadal en de Amerikaanske Serena Williams wûn. Foar beiden wie it net de earste Londenske oerwinning: Nadal wist it toernoai al ienkear earder op syn namme te skriuwen en Williams die dat al trije kear. De 125e edysje wurdt fan 20 juny oant en mei 3 july 2011 hâlden.
Gallery
bewurkje seksje-
Keninklike tribune op Centre Court, Wimbledon
-
De massa om it Centre Court, Wimbledon
-
The Centre Court, Wimbledon
-
Beslissing yn/út mei help fan de technology oop Wimbledon
-
De langste wedstriid ea spile op Wimbledon
-
Wimbledonwinkel
-
Ynstruksjes foar dejingen dy't gjin kaartsje hawwe op Wimbledon
-
Wimbledon skoareboerd
-
Wimbledon spylskema
-
Centre Court Wimbledon 1
-
Wimbledon Court 1
-
Court 4 Wimbledon
-
Court 19 Wimbledon
-
Court 15 Wimbledon
-
Court 17 Wimbledon
-
Wimbledon Queue Bridge
-
Skoareboerd Wimbledon
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|