Winchester (Firginia)
Winchester is ien fan de 38 ûnôfhinklike stêden yn de Amerikaanske steat Firginia. It is de haadstêd fan Frederick County.
Winchester | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 26.203↑ (2010) | |
Oerflak | 24,2 km² | |
Befolkingsticht. | 1092 / km² | |
Stêdekloft | 122.369 | |
Hichte | 221 m | |
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Firginia | |
County | Frederick County | |
Boargemaster | Elizabeth Minor | |
Oar | ||
Stifting | 1752 1802 (stêd) | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Offisjele webside | ||
www.winchesterva.gov |

Geografy Bewurkje
Winchester leit yn de Shenandoah Delling, dy't tusken it Blue Ridge-berchtme en it Allegheny-berchtme leit. De stêd hat in oerflak fan 24,2 km2, hast hielendal lân. De U.S. Highway 50 rint troch de stêd yn east-west rjochting, en yn de noard-súd rjochting rinne de U.S. Highway 11 en de Interstate 81 troch Winchester. Seis kilometer súdeastlik fan it Sintrale Sakedistrikt leit it fleanfjild fan de stêd.
Ut de skiednis Bewurkje
Under de Amerikaanske Boargeroarloch wie Winchester en omkriten it tafreel fan tal fan fjildslaggen, meidat de troepen fan de Konfederaasje en de Uny alle war diene en krij dat diel fan de Shenandoah Delling ûnder kontrôle. Der binne sân grutte slachfjilden yn de oarspronklike Frederick County.
Berne yn Winchester Bewurkje
- Richard Evelyn Byrd, poalûndersiker
- Patsy Cline, sjongster
Ynwennertal Bewurkje
Jier | Ynwenners |
---|---|
1980 | 20.217 |
1990 | 21.947 |
2000 | 23.585 |
2005 | 25.119 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Winchester, Virginia fan Wikimedia Commons. |