Windwardside
Windwardside is in doarp op it eilân Saba, dat ûnderdiel útmakket fan de Nederlânske Antillen. By de folkstelling fan 2001 wennen der 418 minsken yn it plakje. Windwardside leit likernôch 400 meter boppe de seespegel. It plak is, metten neffens it tal ynwenners, nei it haadplak The Bottom it twadde plak fan Saba. De namme ferwiist nei de lizzing fan it plak, op de wynside fan Mount Scenery.
Yn Windwardside binne alle huzen en tradisjonele hutten yn deselde kleuren ferve. Ferplicht wurde elts jier de muorren wyt, de dakken read en de lûken grien skildere.
By Windwardside begjint it kuierpaad dat nei de top fan Mount Scenery rint.
Fasiliteiten
bewurkje seksjeIt doarpke spilet in wichtige rol yn it libben op Saba, omdat der tal fan winkels sitte. Windwardside beskikt oer twa banken, inkele winkels, in postkantoar en in toerismeburo.
Yn it doarp stean trije tsjerken. In roomsk-katolike, in anglikaanske en ien fan de Jehova's. De roomsk-katolike tsjerke waard boud yn 1860 en hat as namme de Tsjerke fan Sint Paulus' Bekearing (Church of St. Paul's Conversion). De Hillige Trije-ienheid Tsjerke (Holy Trinity Church) is in Anglikaanske tsjerke út 1877. De Keninkryksseal is de tsjerke fan de Jehova's.
Fierder beskikt it doarp oer it Saba Museum, ek wol it Harry Luke Johnson Museum, neamd nei de plysjeman Harry Luke Johnson (1913-1972). Hjir kinne minsken in byld krije fan it libben op Saba yn de 19e iuw
Ingelsk Kertier
bewurkje seksjeBy Windwardside leit ek de wyk Ingelsk Kertier (English Quarter). Hjir wennen de earste kolonisten út it Feriene Keninkryk. Ek hjir binne de huzen en hutten yn felle kleuren skildere. By it Ingelsk Kerrtier stiet in lânbousintrum, it Agricultural Centre. Hjir wurde gewaaksen as slaad, spinaazje, tomaten en sipels kweekt.