Keats!
(Trochferwiisd fan Wis-In)
Keats! is it bûnsblêd fan de KNKB. Oant 2016 hiet it Wis-In. It blêd ferskynt alve kear jiers. Yn it blêd wurdt foarútsjoen nei kommende keatspartijen en weromsjoen op partijen dy't west hawwe. Fierder fraachpetearen mei keats(t)ers, meidielings fan de KNKB en útspraken fan de strafkommisje. Under oare de Fryske skriuwer Pieter Breuker skriuwt ferhalen yn Keats!.