Wite beweging

(Trochferwiisd fan Wite Beweging)

De wite beweging wie in militêre en politike bondeling fan krêften en groepen, dy't him yn de Russyske Boargerkriich fan 1919 oant de oerwinning fan de bolsjewiken yn 1922/1923 fersette tsjin de kommunistyske bolsjewiken, ek wol "readen" neamd. Yn 'e regel wurde se koartwei mei witen oantsjutten. De assosjaasje mei de kleur wyt ûntstie om't wyt sûnt de Frânske Revolúsje fan 1789 ynternasjonaal assosjearre wurdt mei it monargisme.

Foar in feriene Ruslân (plakaat út 1919)

De militêre tûke hiet it Wite Leger. Nei 1923 bleau it Wite Leger op folle lytsere skaal oant likernôch de Twadde Wrâldkriich noch aktyf yn en bûten de Russyske grinzen fan Sibearje.

Yn de boargerkriich funksjonearre de wite beweging as in politike paraplu dy't allegear Russyske fraksjes yn de striid tsjin de kommunistyske bolsjewiken feriene. It ferskaat fariearre fan republikeinske liberalen en sosjaal-demokraten oan de lofter kant oant tsaristyske groepen en ultra-nasjonalistyske organisaasjes lykas de Swarte Hûndert oan de rjochter kant.

Nei't de witen militêr ferslein wiene bleaune der ferskillende lytse fraksjes fan de beweging oer, wêrfan't guon net in soad stipe hiene. Bliuwend wie de gruttere wite emigrantenmienskip, dy't it úthold oant de fal fan it kommunisme troch de East-Europeeske revolúsjes fan 1989 en de dêr op folgjende ûntbining fan de Sovjet-Uny yn de jierren 1990-1991. De ferballe anty-kommunistyske mienskip wie te ferdielen fan liberalen en konservativen, wêrfan't guon noch altiten hopen op it herstel fan de Romanov-dynasty.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:White movement