Woastyn
(Trochferwiisd fan Woestyn)
In woastyn is in gebiet mei in skrok klimaat en sûnder folle plantegroei.
Temperatuer
bewurkje seksjeIn woastyn hat oer de rin fan in etmel in grutte temperatuerskommeling om't der gjin focht is dat de waarmte deis opnimme kin en nachts ôfjaan, en ek suver gjin plantegroei dy't deis it sinneljocht opnimme kin foar waakst. In woastyn hoecht lykwols net yn in waarm gebiet te lizzen; ek yn poalgebieten binne woastinen.
Libben
bewurkje seksjeWylst der gjin permaninte plantegroei is, mei al it libben dat dêr yn foarkomt, binne der wol oare foarmen fan libben yn in woastyn. Der binne bisten dy't har fral oerdeis ferskûlje sadat se net te folle focht kwytreitsje. En der binne ek planten, dy't as sieden yn de grûn ferhoalen lizze, en by delfal ynienen útkomme, opbloeie en fruchtdrage.