Wolfsbane and Mistletoe
Wolfsbane and Mistletoe is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske skriuwsters en redaktrises Charlaine Harris en Toni L.P. Kelner. De titel betsjut "Mûtskes en Mistel". Dat binne twa plantenammen: it skaai Aconitum, resp. de soarte Viscum album. (De Ingelske namme wolfsbane betsjut lykwols letterlik: "wolveflok" of "wolvedoem".)
Wolfsbane and Mistletoe | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Charlaine Harris en Toni L.P. Kelner (red.) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2008, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 44 10 16 334 |
De bondel omfettet 15 koarte ferhalen fan it fantasysjenre, mei as tema wearwolven en kryst. De ferhalen binne skreaun troch sokke foaroansteande auteurs as Patricia Briggs, Simon R. Green en Harris sels. Alle ferhalen út Wolfsbane and Mistletoe waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Wolfsbane and Mistletoe waard yn 2008 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Ferhalen
bewurkje seksje- Charlaine Harris, Gift Wrap
- Donna Andrews, The Haire of the Beast
- Simon R. Green, Lucy, at Christmastime
- Dana Cameron, The Night Things Changed
- Kat Richardson, The Werewolf Before Christmas
- Alan Gordon, Fresh Meat
- Carrie Vaughn, Il Est Né
- Dana Stabenow, The Perfect Gift
- Keri Arthur, Christmas Past
- J.A. Konrath, SA
- Patricia Briggs, The Star of David (ûnderdiel fan 'e Mercy Thompson-rige)
- Nancy Pickard, You'd Better Not Pyout
- Karen Chance, Rogue Elements
- Rob Thurman, Milk and Cookies
- Toni L.P. Kelner, Keeping Watch over His Flock
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|