Wolvendaalske tsjerke

De Wolvendaalske tsjerke (Ingelsk: Wolvendaal church, Nederlânsk: Wolvendaalse kerk) is in protestantsk tsjerkegebou yn Pettah, in stedsdiel fan Kolombo, Sry Lanka. De tsjerke is ien fan de belangrykste gebouwen út de Nederlânske koloaniale tiid fan Sry Lanka en is ien fan de âldste protestantske noch altiten besteande gebouwen yn it lân.

Wolvendaalske tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Sry Lanka
distrikt Kolombo
plak Kolombo-Pettah
adres Wolfendhal Lane
bysûnderheden
boujier 1749-1757
offisjele webside
Side herfoarme gemeente Sri Lanka

Yn 1736 socht Gustaaf Willem van Imhoff, de doedestiidske gûverneur fan Seylon, tastimming fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy om de besteande tsjerke yn de fêsting te ferfangen troch nijbou op it selde plak. De VOC fielde lykwols neat foar nijbou en wegere de tastimming. It duorre noch oant de komst fan gûverneur Julius Valentyn Stein ear't it skeel bylein waard. Hy naam it beslút om in nije tsjerke te bouwen bûten de wâl fan de fêsting, yn in gebiet dat yn dy tiid noch sompe en ûnlân wie.

 
De tsjerke yn de 19e iuw (J.L.K. van Dort (1888))

Eartiids swalken yn dat gebiet jakhalzen om, dy't de earste kolonisten ynearsten foar wolven oanseagen. Sa waard dat gebiet bekend ûnder de namme Wolvendaal (Wolvendelte). De foar de nijbou útsochte lokaasje wie op in heuvel mei sicht oer de stêd en de haven, net fier fan de tagong ta de stêd. Der stie al in lyts tsjerkje, dat dêr al sûnt de komst fan de Nederlanners stie doe't Wolvendaal noch in rêstige bûtenwyk wie.

De fûneminten foar de tsjerke waard yn 1749 lein en der wiene acht jier nedich om it gebou te foltôgjen. Op 6 maart 1757 waard de tsjerke troch dûmny Matthias Wirmelskircher yn gebrûk nommen.

Fanôf it yn gebrûk nimmen fan de tsjerke oant it ein fan de Nederlânske oanwêzigens op it eilân bleau de Wolvendaalske tsjerke de belangrykste tsjerke fan it eilân. De Kastieltsjerke yn it fort bleau lykwols de tsjerke foar de jeropeeske en lokale fertsjintwurdigers fan de VOC. Dy tsjerke waard yn 1813 ôfbrutsen.

De tsjerke hat de foarm fan in gryksk krús en it measte tsjerkemeubilêr datearret noch út de 17e en 18e iuw. De preekstoel is karakteristyk foar in herfoarme tsjerke. Foar de Nederlânske gûverneur waard in hearebank delset. it doopfont stamt út 1667.

Oan de muorren fan de tsjerke hingje in soad roubuorden en plakettes. Oan de bûtenmuorren fan de tsjerke binne tal fan grêfsarken ynmitsele.

Yn de tsjerke lizze fiif Nederlânske gûverneurs begroeven. Dêrûnder ek de lêste gûverneur, Johan Gerard van Angelbeek, dy't yn 1799 trije jier nei de Britske besetting fan it eilân ferstoar.

De tsjerke wurdt tsjintwurdich brûkt troch de Kristlik-Herfoarme Tsjerke fan Sry Lanka. De lytse kalvinistyske mienskip hat ferskate tsjerken yn Kolombo, mar de Wolvendaalske tsjerke is de iennige fan oarsprong Nederlânske tsjerke op it eilân dy't altiten yn gebrûk west hat. De tsjerketsjinsten fine yn it Ingelsk, Tamyl en Singaleesk plak. In soartgelikense herfoarme tsjerke is de Groote kerk yn Galle.

Yn jannewaris rjochte de Kristlik-Herfoarme Tsjerke fan Sry Lanka de Wolvendaal Foundation op. it doel fan de stichting is om de kontakten mei de ferskate befolkings en godstjinsten op it eilân te ferbetterjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Wolvendaal Church