Wûnder te Lidlum

(Trochferwiisd fan Wonder te Lidlum)

It Wûnder te Lidlum is in Fryske sêge, optekene yn Friesche sagen fan Theun de Vries.

De sulveren nachtlampe brânt yn 'e sel fan 'e abt fan Lidlum en hy skriuwt yn in brevier en lêst gebeden yn it Latyn. Hy hiet ea Eelco Liauckama en wie besitter fan lângoed en stinzen. De ridder hie syn goed oan 'e tsjerke skonken en wie nei it kleaster fan Lidlum gien en wie muonts wurden. Hy snoert him de linen yn aseze en brûkt selskastijing om de ierdske begearten te ûnderdrukken. In deadskop stiet op 'e tafel en dy nimt de abt op en mjit de koartens fan it libben fan 'e minske.

De oare muontsen hâlde tefolle fan it libben en begripe neat fan it wûnder fan 'e mis. De loflieten wurde skril fan 'e wynbesmarde kielen en se waggelje fan dronkenskip en ûntucht. Nachts sykje se wille en se libje as foarsten, om't der in soad oan de tsjerke offere wurdt. Se dogge boete, mar Eelco sjocht dat it falske skuldbelidenissen binne en giet iensum nei syn sel en lêst de mis yn de kleasterkapel. De doar giet iepen en broeder Syardus, de fjochtersbaas, komt deryn en de oare muontsen folgje ek. Se nûgje him út oan tafel om in bokaal te leegjen op it wolwêzen fan it Lidlumer kleaster, mar de abt skoddet fan 'nee'.

Eelco wit dat dit rûzje jaan sil en hy seit dat er graach in dronk útbringe sil, mar koart bliuwe sil. Elkenien sjocht ta hoe ’t er oan it hollenein fan de tafel in proast útbringt en in frjemde roes oerfalt him. Hy is de wyn net wend en der wurdt in twadde beker oanrikt. Hy smyt it druvefocht yn syn wide mouwen en ek it iten ferdwynt dêryn. Broeder Syardus sjocht it en ferhellet it troch en de bruorren wolle sjen wat er yn syn mouwen ferberget. Hy krúst de earms oer it boarst, mar Syardus slacht him mei in sulferskotel en hy sakket yn 'e stoel en de bruorren sjogge dat der allinne roazen út 'e pij falle en de seal nei amber en huning rûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Friesche sagen van Theun de Vries in 1925
  • Friese sagen & Terugkeer van Theun de Vries in 2000