Wrâldskiednis
Wrâldskiednis of globale skiednis is de stúdzje nei it ûntstean, de groei en de feroarings fan mienskippen en beskavings yn de skiednis fan de wrâld. Hjirby wurde patroanen mei elkoar fergelike en de effekten fan de ûnderlinge ynteraksje bestudearre. Benammen sûnt 1980 naam dizze nije rjochting in hege flecht.
Nei 1960 groeide it besef fan de beperkingen fan de yntrospektive eurosintristyske nasjonale en universele skiednis. Om patroanen werom te kennen, moasten mienskippen net ôfsûnderlik bestudearre wurde, mar benammen de ûnderlinge wikselwurking. Ofsûnderlik dêrfan groeide de ynteresse nei it effekt op de skiednis troch feroarings fan geology, klimaat en enerzjystreamen en ekologyske prosessen as fersprieding fan syktes, planten en bisten.
Yn syn breedste foarm, big history, wurdt de skiednis fan de oerknal ôf beskreaun.
Literatuer
bewurkje seksje- Vanhaute, E. - Wereldgeschiedenis. Een inleiding, Academia Press, Gint, (2008).