Wy kam fram Fryslân
'Wy kam fram Fryslân' is in nûmer fan de Fryske band De Hûnekop yn gearwurking mei sjonger Oele Plop. Op 14 july 2022 ferskynde it as single.[1]
Eftergrûn
bewurkje seksjeWy kam fram Fryslân is skreaun troch bandleden Emiel Stoffers en Jeroen Seinstra. Stoffers sjongt it nûmer yn stienkoalingelsk, wylst Plop foar de sprutsen Fryske teksten en foar it pianospul soarget. [2] Stoffers rekke ynspirearre om it nûmer te skriuwen nei in reis troch Austraalje, dêr't minsken him fregen wêr't hy wei kaam. Hy fertelde altyd dat er út Fryslân kaam, mar de lokale befolking wie net bekend mei de provinsje.[2] Dan lei er altiten út dat hy út it noarden fan Nederlân kaam.[3] Neffens him is it nûmer bedoeld om de provinsje Fryslân mear bekendheid bûten Nederlân te jaan. Yn de tekst wurdt Fryslân dan ek net as provinsje beskreaun, mar as in lân tusken Denemark en Nederlân leit.[4]
'Wy kam fram Fryslân' waard in Fryske hit. Yn in wike tiid waard de byhearrende fideoklip 70.000 kear op YouTube en 100.000 kear op Facebook besjoen. Der wie lykwols ek krityk op de klip: de band soe hjiryn reklame meitsje foar in nij eigen drankje. Stoffers ferdigene dizze kar troch te sizzen dat cd-ferkeapen en streamingstsjinsten net genôch jild opsmieten. [4] Oan 'e ein fan 2022 begûn de band in aksje om it nûmer op it earste plak yn de jierlikse NPO Radio 2 Top 2000 te krijen. [5] De nûmer 1-posysje waard net helle, mar it nûmer kaam wol op plak 788 de list binnen.[6] [7]
Yn de Fryske Top 100 fan 2022 kaam it nûmer binnen op nûmer 1. [8]