Wylde Baarch (opperhaad)

Wylde Baarch (Ingelsk: Wild Hog; ±1829 – ?), wie in opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinnen, (Northern Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy wie belutsen by de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen, yn 1878, en oerlibbe begjin 1879 it Bloedbad fan Fort Robinson.

Wylde Baarch (opperhaad)
persoanlike bysûnderheden
oare namme Wild Hog
berne ±1829
berteplak ? (Montana)
stoarn 1???
stjerplak yn it Noardlike Sjajinne
Reservaat
(Montana)
etnisiteit Noardlik Sjajinsk
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Noardlike Sjajinnen
jierren aktyf ±1855 – 1???

Libben bewurkje seksje

Yn 1877, oan 'e ein fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, waard Wylde Baarch mei it meastepart fan 'e rest fan syn folk deportearre nei it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma), dêr't se har yn it reservaat fan harren sibben, de Súdlike Sjajinnen, nei wenjen sette moasten. De Noardlike Sjajinnen hiene dêr te min te iten en der brieken ferskate sykten út, sadat se yn in goed jier tiid desimearre waarden. Op 9 septimber 1878 brieken se út harren reservaat en joegen se har op 'en paad nei har âlde heitelân yn it noarden, in barren dat bekend kaam te stean as de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen. Mei Stomp Mês, Lytse Wolf en Sterke Lofterhân wie Wylde Baarch dêrby ien fan harren oanfierders.

De Noardlike Sjajinnen teagen dwers troch de hjoedddeiske Amerikaanske steaten Oklahoma, Kansas en Nebraska, dêrby hjitfolge troch it Amerikaanske leger. Wylde Baarch wie nei't it skynt belutsen by guon fan 'e moarden dy't dêrby troch de Sjajinnen ûnder blanke kolonisten yn noardwestlik Kansas oanrjochte waarden. Uteinlik spjalten se har op; wylst in troep ûnder Lytse Wolf fierder teach nei it noarden, joech in oare troep, mei in soad froulju en bern derby, oanfierd troch Stomp Mês, him oer by Fort Robinson, yn Nebraska. Wylde Baarch hearde ta dy lêste groep. Yn Fort Robinson krigen de Yndianen te hearren dat se werom moasten nei it Yndiaanske Territoarium, en doe't se dat wegeren, waarden se opsluten yn 'e legerbarakken fan it fort, en waard harren, midden yn 'e winter, iten en branje ûntholden. In besykjen ta bemiddeling troch Wylde Baarch en Sterke Lofterhân late nearne ta.

Op 9 jannewaris besochten de Sjajinnen út te brekken, mar party fan harren rekken dêrby ferwûne, en de Amerikaanske soldaten koene sûnder swierrichheden it bloedspoar folgje. De oare deis fûn der in wanhopich fjoergefjocht plak, wêrby't in grut tal fan harren deade waard en 65 op 'e nij finzen nommen waarden. Stomp Mês en fiif fan syn famyljeleden wisten te ûntkommen, mar de 32 oaren waarden op 22 jannewaris ynsletten en hast hielendal útrûge by Hat Creek Bluff. Dizze hiele rige fan foarfallen kaam bekend te stean as it Bloedbad fan Fort Robinson.

Wylde Baarch hie by de útbraak al in pynlike wûne oan 'e boppeskonk oprûn, en wie frijwol daliks yn 'e boeiens slein. Mei Hoefsmid, Betize Hier, Stikelbaarch, Aldman, Sterke Lofterhân en Ienlike Krie waard er in hoartsje fêstholden yn Fort Leavenworth en letter yn Dodge City. Dêr waarden se oanklage foar moard, mar harren abbekaat frege om in oare lokaasje foar it proses, om't er fûn dat syn kliïnten yn Dodge City gjin earlike berjochting krije koene. De rjochter stimde dêrmei yn, en it proses waard ferpleatst nei Douglas County, dêr't de oanklager lykwols om útstel frege om't syn tsjûgen net oanwêzich wiene. Dat fersyk waard troch de rjochter ôfwiisd, en de saak tsjin Wylde Baarch-en-dy waard seponearre. Dêrop waarden se oerdroegen oan fertsjintwurdigers fan it Buro fan Yndiaanske Saken, dy't harren nei Montana begelaten, dêr't de troep fan Lytse Wolf ûnderwilens oankommen wie en tastimming krigen hie om der te bliuwen. Wylde Baarch wie troud mei in Lakota-frou en hie ferskate bern; syn âldste dochter wie ien fan 'e acht oerlibbenen fan it gefjocht by Hat Creek Bluff.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: