De wylgen (Salix) binne in skaai fan twahuzige beammen en strûken út 'e wylgefamylje (Salicaceae).

Sjitwylch

Wylgen binne leafbeammen mei fersprate blêden. De knop hat ien knopskobbe. De bloeiwize fan 'e wylch hat de foarm fan in katsje en groeit út 'e sydknoppen fan in ienjierrige twiich. De wylgekatsjes sitte of stean, yn tsjinstelling ta de hingjende katsjes fan kletterbeammen.

De pluzige siedden wurde ferspraat troch de wyn, mar binne mar in koarte tiid libbensfetber. De measte soarten kinne fermannichfâldige wurde troch stekjen.

Wylgen binne pioniersoarten mei in hege ljochteask. Se komme yn Nederlân in soad foar lâns sleatten en fivers. Wylgenbeammen hâlde oer it algemien fan fochtige grûn en groeie tige fluch.

It skaai bestiet út sa’n trijehûndert soarten, wêrfan in tolvetal yn Nederlân foarkomt. Foarbylden binne de earwylch (ek: slykwylch) Salix aurita, bosk- of wetterwylch Salix caprea, treurwylch Salix var. tristis, de byntwylch Salix viminalis en de sjitwylch Salix alba.