Xandra Schutte (Amsterdam, 15 july 1963) is sûnt 1 juny 2008 haadredakteur fan it Nederlânske opinywykblêd De Groene Amsterdammer.

Xandra Schutte (2015)

Earder wie hja haadredaktrise fan it opinywykblêd Vrij Nederland en wurke sy as útjouwer by útjouwerij Meulenhoff. Oant 1999 wie sy ek al literatuerredakteur op de redaksje fan De Groene Amsterdammer.

Schutte studearre kommunikaasjewittenskip en Nederlânske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam.

Privee bewurkje seksje

Schutte hie jierrenlang in relaasje mei de skriuwster Doeschka Meijsing, dy't har boek Over de liefde (2008) foar it grutstepart basearre op harren ferbrutsen ferhâlding. Schutte hat in soan út in relaasje mei sjoernalist Hendrik Jan Schoo († 2007)

Bibliografy bewurkje seksje

  • Lesbiaans: lexicon van de lesbotaal (mei Hanneke Kunst), Prometheus, Amsterdam 1991, ISBN 90-5333-086-0
  • Damesliefde: de beste lesbische verhalen uit de Nederlandse literatuur, Bert Bakker, Amsterdam 1995, ISBN 90-351-1451-5
  • Maskerade, essays 1999