Ynkubaasjetiid

(Trochferwiisd fan Ynkubaasjeperioade)

De ynkubaasjeperioade of ynkubaasjetiid fan in sykte is de tiid dy't ferrint tusken it skypjen en de earste klinyske symptomen fan de sykte. Dy perioade kin útinoar rinne fan in pear dagen oant jierren.

De ynkubaasjeperioade fan hepatitis C kin bygelyks oprinne oant tweintich jier. Yn dy tiid kinne oaren faak wol besmet wurde.

Sykte Ynkubaasjetiid
Gryp 1-4 dagen [1]
Ferkâldenens 2-5 dagen [2]
SARS oant 10 dagen [3]
Polio 7-14 dagen
Kinkhoast 7-14 dagen
Mûzels 9-12 dagen [4]
Pokken 7-17 dagen [5]
Wetterpokken 14-16 dagen [2]
Reahûn 14-21 dagen [2]
Sykte fan Pfeiffer 10 dagen-3 moannen
Ebola trochsneed 1 wike
Hiv trochsneed 9 oant 10 jier
Goalera trochsneed 6 oeren oant 2 dagen
Meksikaanske gryp sa'n 7 dagen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.cdc.gov
  2. 2,0 2,1 2,2 http://dermatology.about.com
  3. www.who.int
  4. www.aocd.org
  5. www.bt.cdc.gov