Ynternasjonaal Stripfestival fan Angoulême

It Internasjonaal Stripfestival fan Angoulême (Frânsk: Festival international de la bande dessinée d'Angoulême) is in wichtich stripfestival dat alle jierren sûnt 1974 yn de moanne jannewaris hâlden wurdt yn de Frânske stêd Angoulême. It is it grutste Frânsktalige stripfestival fan de wrâld en wurdt beskôge as it wichtichste Jeropeeske festival. Op it festival wurde ek meardere prizen takend oan striptekeners en harren stripalbums. De bekendste priis mei de measte kwizekwânsje is de oeuvrepriis Grand Prix de la ville d'Angoulême. Dêrneist wurdt ek de Priis foar bêste album útrikt. Fan 2015 ôf kaam der alle jierren de Charlie de la liberté d’expression by, in priis foar in strip- of cartoontekener dy't syn berop net yn frijheid útoefenje kin. De priis is in ferwizing nei de Oanslach op Charlie Hebdo yn 2015.

Stand op it Festival fan Angoulême (2003)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens: