Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum

It Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum yn Naarden is ien fan de trije ynternasjonale sintra fan de Teosofyske Feriening yn de wrâld. It sintrum leit op in lângoed yn Naarden, yn de bosken tichtby de Goaimar. It wurdt besocht troch minsken út alle lannen fan de wrâld.

St. Michael

Neist it haadkertier yn Adyar (Yndia) binne de oare twa sintra de Manor yn Sydney (Austraalje) en it International Theosophical Centre (ITC) yn Naarden (Nederlân). Krotona yn Kalifornje, "The Farm" by Brasilia (Brazylje) en noch in tal oare binne saneamde "minor centres" ek al binne dy faak grutter wat oerflak oanbelanget.

Yn 1925 skonk frou Van Eeghen-Boissevain it domein oan Annie Besant, de twadde ynternasjonale presidinte fan de Teosofyske Feriening. Yn it Ynternasjonaal Teosofysk Sintrum (ITC), dat sûnt 1990 statutêr de ynternasjonale presidint fan de Feriening as foarsitter hat, wurde geregeldwei simmerskoallen en kursussen organisearre.

It is boppedat de sit fan de Europeeske Federaasje fan de Teosofyske Feriening (EFTS).

In soad bekende leden en sympatisanten fan de teosofyske beweging besochten it domein: Rabindranath Tagore, Annie Besant, Jiddu Krishnamurti, Rukmini Devi Arundale, James Ingall Wedgwood, John Coats, Charles Webster Leadbeater de, dalai lama Tenzin Gyatso, de karmapa, Geoffrey Hodson, Nilakantha Sri Ram, George Arundale, Curuppumullage Jinarajadasa en Radha Burnier.

Wichtichste gebouwen

bewurkje seksje
  • St. Michael's House
  • Besant Hall
  • Ashrama
  • Crystal House
  • De Tsjerke fan Sint Michael en alle Ingelen, in Frij-Katolike Tsjerke

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: