Yntertekstualiteit

Yntertekstualiteit is de ferwizing yn in literêre tekst nei in oare literêre tekst, nei film of nei muzyk. It is wichtich om yntertekstuele ferwizingen by de ynterpretaasje fan in tekst te belûken. It kin bygelyks in personaazje karakterisearje, in sitewaasje kleurje of ferwize nei in djippere betsjuttingslaach of in motyf. Om yntertekstualiteit te werkennen, moat de lêzer datjinge dêr't nei ferwiisd wurdt kenne. Hoe belêzener at de lêzer is, hoe makliker it werkennen fan yntertekstualiteit is. At tocht wurdt dat der sprake is fan yntertekstualiteit, kin fierder socht wurde nei achtergrûnynformaasje.

Yntertekstuele ferbannen kinne min of mear sichtber yn de tekst oanwêzich wêze: as sitaat, as (literêr) motto, as allusy. Somtiids is de yntertekstualiteit ferburgen of wol de 'skriuwer' der neat fan witte (plagiaat).