Inzell

(Trochferwiisd fan Ynzell)

Inzell is in gemeente en kueroarde yn Dútslân. Inzell leit op 700 m. hichte en telt 4484 ynwenners (2009). Inzell heart ta it distrikt Traunstein, yn de dielsteat Beieren. Inzell is benammen winterdeis in bekend fakânsjeplak en telt 6000 sliepplakken foar gasten. It doarp telt 4535 ha, by in lingte fan noard nei súd 5 km, fan east nei west 6 km, 51 kearnen en buorskippen, grutte bosk-, greide- en beskerme natoergebiet. Inzell is yn Nederlân benammen bekend wurden troch de keunstiisbaan (Ludwig Schwablstadion). Benammen foar de opmars fan de oerdekte iisbanen waarden in soad grutte kampioenskippen hjir ferriden. Yn Dútslân stiet Inzell mear bekend as luchtkueroarde. Inzell telt op jierbasis 110.000 gasten mei yn totaal 800.000 overnachtings jiers.

lizzing fan Inzell

Nei de iepening fan it kleaster St. Zeno by Reichenhall hat Aartsbiskop Conrad fan Salzburg op 20 septimber 1177 oan de abt Zeno en syn kleasterbruorren it "lan en bosk Inzella" jûn. Al in 1195, nei de bou fan de St. Michael tsjerke, wurdt Inzell troch it ôfsplitsen fan Vachendorf in selsstannige parochy. Yn 1811 wurdt it kastiel Inzell ôfbrutsen. Inzell wurdt dan yn 1818 in selsstannige politike gemeente.

Yn de winter fan 1959/1960 waard op de Frillensee yn Inzell in iisbaan iepene. Fan 1963 oant 1965 waard it hjoeddeiske Ludwig Schwabl Stadion boud.

 
natoeriisstadion fan Inzell, foarrinder fan it hjoeddeiske iisstadion

.

Yn 1974 waard it wrâldkampioenskip reedriden yn Inzell wûn troch de Noar Sten Stensen. Bêste Nederlanner (twadde) wie Harm Kuipers.

Yn 1986 waard it wrâldkampioenskip reedriden yn Inzell wûn troch Hein Vergeer, foar Oleg Bogiev en Hilbert van der Duim.

Yn 1996 waard it wrâldkampioenskip reedriden yn Inzell wûn troch Rintje Ritsma, foar Ids Postma en Keiji Shirahata.

In maaie 2009 waard, nei lang toulûken mei it Dútske Ridersbûn (DESV), de regering fan Beieren en de gemeente Inzell, besluten om de iisbaan te oerdekken. Mei it wurk is yn wike 34 fan 2009 begûn. Foar Inzell is dizze oerdekking wichtich om grutte hurdriden ferride te litten, lykas de WK Ofstannen fan 10 oant 13 maart 2011 en alle oare nasjonale en ynternasjonale wedstriden.