Ype Wenning
Ype Heerke Wenning (Ljouwert, 26 septimber 1879 - Wassenaar, 11 septimber 1959) wie in keunstskilder en etser. Wenning hearde by de Fryske skilders yn begjin 20e iuw dy't harren, mear as earder wenst wie, taleinen op it skilderjen fan it (Frysk) lânskip.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy wie in soan fan kalligraaf Johannes Wenning en Jantje Tiedes Scharder. Heit Wenning hie in atelier foar heraldyk en kalligrafy oan de Noardersingel yn Ljouwert.
Wenning ferhuze yn 1897 fan Ljouwert nei Amsterdam, mar wie oant 1900 faak yn De Haach dêr't er syn oplieding oan de Haachske Akademy krige en dêr't er kontakt hie mei skilders fan de Haachske Skoalle. Goerie fan skilders as Jozef Israëls en Hendrik Willem Mesdag makke dat er him folslein oan de frije skilderkeunst wijde. Yn De Haach wied er meiopjochter fan de Haagsche Schetsclub.
Yn 1914 reizget Wenning troch Itaalje om ynspiraasje op te dwaan. It wurk dat er dêr makke komt him op krityk te stean. De Ljouwerter Krante sprekt fan weeke pseudo-romantiek. Wenning jout de moed lykwols net op en wurket fierder yn Nederlân.
Yn 1940 waard er lid fan de NSB docht er mei oan útstallings dy't troch de Kultuerkeamer fan de nazys organisearre waarden.[1]
Hy skildere meast stimmige lânskippen (yn in goudgiele gloede) yn de omkriten fan Giteren, Oudewater en Súd-Limburch. Hy bleau wurkjen yn de tradysje fan de Haachske Skoalle, al wurdt syn wurk letter wat stilistysker yn tinnere fervelagen. Wie lid fan Arti et Amicitiae en Sint Lucas te Amsterdam.
Hy wie befreone mei Egnatius Ydema, mei wa't er faak de Fryske marren opgie, dy't er ek wolris skildere hat. Hy wenne yn Den Haach.
Priveelibben
bewurkje seksjeWenning wie fan 1901 oant 1918 troud mei Maria Bloemer mei wa't er in soan, Johannes, krige. Yn 1923 troude er op 'en nij, mar dat houlik rûn krapoan trije letter op 'e non. Dêrnei troude er foar de tredde kear mei Geertruda van Dijk dy't doe 21 jier wie.
Priis
bewurkje seksjeYn 1911 waard him de Koninklijke Prijs voor Vrije Schilderkunst takend.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Wenning, Ype Heerkes.
|