Yslânske Literatuerpriis

De Yslânske Literatuerpriis (Yslânsk: Íslensku Bókmenntaverðlaunin) is in priis dy't ien kear jiers útrikt wurdt troch de Yslânske Utjouwersferiening, foar de bêste wurken op it mêd fan 'e literatuer fan it foargeande jier. Dizze priis waard yn 1989 ynsteld, doe't de feriening syn hûndertjierrich bestean fierde.

Yslânske Literatuerpriis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Yslânsk
útrikt foar literatuer
útrikt troch Iislânske Utjouwersferiening
frekwinsje 1x jiers
datum desimber
plak Reykjavik (Yslân)
ynsteld 1989
1e útrikking 1989
offisjele webside
www. bokautgafa.is

Der binne twa kategoryen: fiksje en wittenskiplike non-fiksje. Yn eltse kategory wurde oan it begjin fan desimber fiif boeken nominearre, dy't fanwegen de tiid fan it jier (yn ferbân mei de krystynkeap) in protte fergese publisiteit krije. In spesjaal seleksjekomitee dat beneamd wurdt troch de Utjouwersferiening makket dan út wa't de winners binne. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.