Zakopane is in stêd yn it uterste suden fan Poalen. It hat 30.000 bewenners en leit yn it woiwodskip Lyts-Poalen. De stêd stiet bekend as it wintersportsintrum fan Poalen. It is ek in populêr startplak foar guons dy't yn de Tatra te kuierjen wolle.

Zakopane
Zakopané
Bestjoer
Lân Poalen
Woiwodskip Lyts Poalen
Distrikt Tatra
Sifers
Ynwennertal 27.637 (2014)
Oerflak 84,34 km²
Befolkingsticht. 328 / km²
Hichte 750 - 2301 m
Oar
Stifting 17e iuw
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CEST (UTC+2)
Offisjele webside
www.zakopane.eu
Krupówki, de sintrale ferkearsfrije strjitte yn Zakopane
Lokaasje fan Zakopane

De stêd leit op in hichte fan 800 meter oan de foet fan de Giewontberch. Op it heden lûkt de stêd in protte toeristen en binne der in soad hotels en pensjons. Troch de karakteristike boustyl fan de Podhale mei houten huzen en in protte houtfykwurk, hat it stedsje noch hieltyd har doarpsk karakter behâlden.

De pleatslike befolking, dy't yn Poalen de Góraly (= berchbewenners) neamd wurde, hechte bot oan tradysjes. Op strjitte is faak in kapela te hearren dy't tradisjonele Poalske muzyk út de omkriten spylje.

Búten Zakopane leit in iisbaan, Tor Cos neamd dêr't yn febrewaris 2009 it WK reedriden foar junioren hâlden waard.

Lang lyn wie Zakopane net mear as in lyts berchdoarpke. Yn 1646 wennen der net mear as 43 ynwenners. Pas yn it midden fan de 19e iuw begûn Zakopane stadich in stêd fan betsjutting te wurden en luts toeristen en keunstners oan út it 100 km noardliker lizzend Krakau. Yn 1889 telde de stêd 3000 ynwenners. Sûnt dy tiid wie it ek makliker berikber troch in spoarferbining.

Fan 3 jannewaris 1795 oant11 novimber 1918 hearde Zakopane by Eastenryk. Nei de ein fan de Earste Wrâldkriich kaam it werom by Poalen.

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Yn de maitiid fan 1940 wie der in gearkomst fan ôffurdigen fan de Gestapo en NKWD, de geheime tsjinst fan de Sowjet-Uny, yn Zakopane, om oer mienskiplike maatregels tsjin de Poalske fersetsbwegeging te praten.

Foar it Poalsk ferset wie Zakopane in wichtich tuskenstasjon yn it boadskippenet fan Warsjau en Krakau oer Slowakije nei Bûdapest. Guon ynwenners wiene koerier dy't boadskippen oer de bergen brochten, oaren wiene op mear as ien manier belutsen by it ferset tsjin de besetter.

Fan 1942 oant 1943, wie dêr ek in subkamp fan konsintraasjekamp Kraków-Płaszów; 1000 slaveärbeiders moasten dêr yn in stiengat arbeidzje.[1]

Berne yn Zakopane

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zakopane sztetl.org.pl