ZozoLala (1985-2011) wie in Nederlânsktalich ûnôfhinklik stripboek-ynformaasjeblêd. It tydskrift waard fergees ferspraat yn om-ende-by 60 stripboekspesjaalsaken fan Nederlân en Belgje. De oplage wie alle kearen 6.500 stiks en ferskynde seis kear yn it jier.

It blêd befet û.o. resinsjes, ynterviews en oankundigings fan noch te ferskinen strips faak foar twa moanne. Tegearre mei Stripskrift wie ZozoLala it wichtichste ynformaasjeblêd op dat mêd. Wêr't Stripskrift him mear yn it generaal rjochtet op alle stripsjenres, rjochte ZozoLala him mear op de alternative avant-garde, literêre graphic novel, small press, autobiografyske strip en underground strip.

By alle jubileumnûmers publisearre it blêd in Top-100 fan de bêste stripalbums, dy't troch de lêzers keazen waard.

Keppeling om utens

bewurkje seksje