Kristlike Muzykferiening De Bazuin (De Tynje)

(Trochferwiisd fan 'De Bazuin' fan De Tynje)

De Kristlike Muzykferiening De Bazuin is it muzykkorps fan De Tynje, dat by alle gelegenheden fan belang foar 'it muzyk' soarget. It korps hat in lange skiednis, dy't foar in part beskreaun is troch Andrys Idzerda yn it jubileumboek út 2005: 'It muzyk giet troch De Tynje'.

It earste begjin

bewurkje seksje

De Tynjester grifformearden kamen fier foar 1900 alle sneinen twa kear gear, net allinnich om nei de preek fan in dûmny te harkjen mar ek om te sjongen. Oant 1866 ta dienen sy dat yn in turfskuorre fan Jochem Dragstra en doe yn it tsjerkje dat efteryn by it winkelpand fan Hindrik Bok (no Wagenaar?) ynboud wie. It fine folk fan De Tynje hie de namme dat it song as klysters, en dat sûnder begelieding. In oargel koe it net lije, dat tsjin 1900 kaam de gedachte op fan in keppeltsje blazers op in hoarn. Der siet ek efter dat it jongfolk ferlet hie fan in fersetsje en in marske op 'e tiid. Der wienen in pear dy't alle wiken mei in hoarn nei De Gordyk op en del rûnen. Mar dat wie gjin dwaan gelyk, alhiel net foar wa't efter yn de Warren of de Ripen wenne.

Hielendal te efterheljen is it net, mar der moat al yn de alderearste jierren nei 1900 in Christelijke Muziekvereniging 'De Bazuin' west hawwe, mei Jan Dam as earste foarsitter. Dat hat er net lang west, want hy rekke siik en stoar yn it begjin fan 1907, ferslope en noch mar 32 jier jong. Syn kammeraden en in stikmannich muzikale jongfeinten setten har derfoar. Bygelyks de trije bruorren Reitsma, de Ruters, de Akkermannen en de Dragstra's.

Mei help fan master J.Roorda kochten sy in stealtsje hoarns yn Súdhorn. Wiebe Reitsma betelle út 'e eigen bûse in klarinet. Sa wie it ynienen in harmonykorpske, dat sneins begelieding joech oan it psalmsjongen. Mar mei harren tolven koenen sy ek al gau de Breewei op mei in o sa fleurige mars: Le Val Fleuri ('De delling ûnder de blommen').

It ploechje woe ek offisjeel erkend en registrearre wêze en dat barde by Keninklik Beslút fan 1 novimber 1905. Dy datum wurdt sûnt beskôge as de dei fan de offisjele oprjochting. Ut de papieren foar Den Haach, skreaun yn it prachtige hânskrift fan siktaris W. Reitsma, docht bliken dat master B.Puma net allinnich as dirigint ('direkteur', seinen sy) it stokje oernommen hie. Hy wie ek foarsitter, en ien fan de bruorren Ruter (Hindrik sr of jr) ponghâlder.

Keppeling om utens

bewurkje seksje