Église Saint-Nicolas-des-Champs

De Saint-Nicolas-des-Champs (Sint-Nikolaas fan 'e Fjilden) waard yn 'e 15e iuw yn 'e letgoatyske styl boud. De tsjerke stiet oan 'e Rue Saint-Martin Nr. 254 yn it 3e Arrondissemint fan Parys, Frankryk. Yn 1887 waard de tsjerke as histoarysk monumint ynskreaun op de list fan Frânske boumonuminten.

Église Saint-Nicolas-des-Champs
Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
plak 75003 Parys
adres 254 Rue Saint-Martin
koördinaten 48° 51' N 2° 21' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Aartsbisdom Parys
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Webside
Parochy Saint-Nicolas
Kaart
Église Saint-Nicolas-des-Champs (Parys)
Église Saint-Nicolas-des-Champs

Skiednis bewurkje seksje

 
De mei de Frânske Revolúsje sletten Saint-Martin-des-Champs en Saint-Nicolas-des-Champs.

Al tsjin it ein fan 'e 11e iuw stifte de abdij Saint-Martin-des-Champs in oan 'e hillige Nikolaas wijde kapel foar ambachtslju en boeren, dy't harren yn dy krite nei wenjen setten hiene. Yn in bul fan paus Kalikstus II út it jier 1119 waard dy Sint-Nikolaaskapel neamd. De kapel waard yn it ein fan 'e 12e iuw, begjin 13e iuw opfolge troch in gruttere tsjerke, dêr't neat fan oerbleaun is. Yn 1184 waard de Saint-Nicolas-des-Champs in parochytsjerke. De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1420 en 1480 boud en yn 'e 16e en begjin 17e iuw fergrutte. Yn 1615 wie dat wurk foltôge. Yn 1668 waard de toer mei in ferdjipping ferhege. Healwei de 18e iuw waarden de pylders fan it koer yn groefde doaryske pylders feroare, lykas doe yn 'e moade wie. Ek waarden de glês-yn-leadramen ferfongen troch wite ruten.

De tsjerke waard yn 'e Frânske Revolúsje sletten en ta in Timpel fan 'e Rede feroare, mar yn 1802 krige de Roomsk-Katolike Tsjerke it gebou werom.

Arsjitektuer bewurkje seksje

Boppe it súdlike sydskip, wat efter de de rjochter gevel, stiet de klokketoer. De earste ferdjippings datearje út de 15e iuw. Op alle fjouwer kanten hat de toer op de trije ferdjippings spitsbôgige galmgatten. Oan 'e westlike kant fan de toer stiet noch in seishoekige treptoer. De westlike gevel hat in roasfinster mei dêrûnder in grut spitsbôgich finster mei maaswurk yn flamboyante styl.

Westlik portaal bewurkje seksje

 
Goatysk portaal.

It westlike portaal is fersierd mei bylden út 1843, dy't de oarspronklike yn 'e Frânske Revolúsje fernielde bylden ferfongen. Te sjen binne Petrus en Paulus, de hillige Sesilia, de hillige Genoveva (patroanhillige fan Parys) en de hilligen Nikolaas en Jehannes de Doper. De bôge is fersierd mei ingels dy't ûnderdielen fan it martlersreau fan Kristus fêsthâlde.

Súdlike portaal bewurkje seksje

It súdlike portaal mei de groefde pilasters mei korintyske kapitelen ôfwiksele troch medaillons mei guirlandes fan swart moarmer waard om 1580 hinne neffens ûntwerp fan Philibert Delorm boud. Tusken de pilasters binne medaillons fan swart moarmer mei guirlandes.

Ynterieur bewurkje seksje

 
Middenskip.

De tsjerke hat fiif skippen en is 13 traveeën lang. De earste sân skippen fan it haadskip en de traveeën fan it súdlike sydskip datearje noch fan 'e goatyske boufaze. Se ferskille mei de spitsbôgen fan de fjouwer eastlike traveeën, dy't rûnbôgige arkades ha en de twa noardlike sydskippen en it bûtenste súdlik sydkip, dy't yn 'e 16e iuw tafoege binne. De twa lêste traveeën en it koer mei de koeromgong en kapellen binne tusken 1613 en 1615 boud. It middenskip hat in krúsribferwulft en wurdt ôfsletten mei in healrûn koer, dat yn 'e 18e iuw ferboud waard. De tsjerke hat gjin transept. De tsjerke hat in grut tal 16e- en 17e-iuwske skilderijen fan ferneamde skilders. Der hinget wurk fan û.o. Claude Vignon, Louis Finson, Étienne Jeaurat, Noël-Nicolas Coypel

Haadalter bewurkje seksje

It monumintale moarmeren haadalter waard yn 1629 troch de byldhouwer Jacques Sarazin (1592–1660) boud. De skilderijen fan de apostels by it grêf fan 'e Jongfaam en de Himelfeart fan Marije waard troch Simon Vouet (1590–1649) makke.

Oargel bewurkje seksje

 
Haadoargel.

It haadoargel is fan François-Henri Clicquot en waard yn 1777 boud. Yn 1930 waard it oargel troch Victor Gonzalez fernijd. It oargel wurdt bekroand troch in byld fan 'e hillige Nikolaas mei musisearjende ingels. Yn 1905 waard de oargelkas in histoarysk monumint, yn 1927 ek it ynstrumint. It oargel hat 56 register op fiif manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk. Op it oargel hat ek Louis Braille, de útfiner fan it nei him ferneamde skrift foar blinen, spile.

Grêven bewurkje seksje

Yn 'e tsjerke lizze ferskillende bekende minsken, lykas Guillaume Budé, Théophile de Viau, Pierre Gassendi en Madeleine de Scudéry.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St-Martin-des-Champs