Underskie tusken blau en grien

It ûnderskie tusken blau en grien is yn 'e measte moderne Jeropeeske talen oer it algemien hiel dúdlik, mar yn in protte net-Westerske talen binne de begripen "blau" en "grien" ko-leksifisearre, d.w.s. dêr wurde se beflapt ûnder ien term. Der besteane dan dus gjin aparte wurden foar "blau" en "grien", mar ien inkele term foar "blau/grien". Soks is bgl. it gefal yn it Japansk, wêryn't fan âlds it wurd ao (haadwurd) of aoi (eigenskipswurd) ferwiist nei sawol blau as grien. Der bestiet yn it Japansk wol in apart wurdt foar grien, midori, mar dat is in resinte fernijing.

In lineêre werjefte fan it kleurespektrum fan sichtber ljocht.

In soartgelikense sitewaasje bestiet yn û.m. it Koreaansk, it Tibetaansk en it Fjetnameesk. Yn oare talen komt it foar dat it wurd foar "blau" ek "griis" of "swart" betsjutte kin, wylst it wurd foar "grien" ek "giel" betsjutte kin. Yn in taalkundich ûndersyk nei kleurnammen troch Brent Berlin en Paul Kay, dat yn 1969 publisearre waard ûnder de titel Basic Color Terms: Their Universality and Evolution, waard steld dat in taal pas nammen foar de kleuren brún, pears, rôze, oranje en griis ûntwikkelje kin nei't der ûnderskie makke is tusken blau en grien.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.