Underwizer

(Trochferwiisd fan Ûnderwizeres)

In ûnderwizer, skoalmaster, learaar, dosint of learkrêft is in persoan dy’t kennis oerdraacht oan learlingen as ûnderdiel fan it skoalgean. De term 'ûnderwizer' en it ferâldere 'skoalmaster' wurde yn 'e regel beheind ta it basisûnderwiis, wylst men op 'e middelbere skoalle yn 'e regel fan in 'learaar' sprekt. 'Dosint' en 'learkrêft' passe yn alle omstannichheden, ek yn it heger ûnderwiis. De korrespondearjende froulike foarmen binne ûnderwizeresse of skoaljuffer op 'e basisskoalle, leararesse yn it fuortset ûnderwiis en dosinte foar algemien gebrûk. De termen 'learaar' en 'leararesse' wurde behalven op skoallen ek yn oare omstannichheden brûkt, lykas yn beskate sporten (bgl. by kûng fû). Ek by beskate religys brûkt men de term.

Skoalmaster en bern, 1662
Adriaen fan Ostade (1610–1685)
Skoalmaster foar de klasse yn Laos

Op de basisskoalle jout de ûnderwizer meardere fakken. Yn it fuortset ûnderwiis jout de learkrêft ien fak. Op grûn fan syn fakkennis oanfolle mei in pedagogysk diploma (PABO). Op de universiteit funksjonearje heechleararen, haaddosinten. Studinten dy’t har doktoraat tariede kinne ek dosintetaken krije.

Om yn Nederlân learkrêft te wurden moat in pedagogyske oplieding trochrûn wurde, de saneamde Pedagogyske Akademy foar it Basisûnderwiis. Yn Fryslân binne der twa fan yn Ljouwert. De Pabû duorret fjouwer jier.

Yn it basisûnderwiis sprekke de learlingen de learkrêft oan mei master of juf.

Ferneamde ûnderwizers

bewurkje seksje