Hindericus Scheepstra
Hindericus Scheepstra (Roan, 17 maart 1859 - Grins, 8 maaie 1913) wie in Nederlânsk ûnderwizer en skriuwer fan berneboeken.
Hindericus Scheepstra skreau de ferhalen oer "Ot en Sien".
Biografy
bewurkje seksjeHindericus, of Rieks, waard berne yn Roan, Drinte as jongste út in hûshâlding fan noch seis jonges en twa famkes. Hendricus mocht nei de legere skoalle trochleare. Syn bruorren giene de hannel yn.
Rieks helle de Rykskweekskoalle foar ûnderwizers yn Grins. Om talitten te wurden moast earst noch byles hawwe. Dy krige er yn it buordoarp Peize dêr't er út Roan wei hinne rûn. Sa ûntstie ek syn leafde foar de natoer.
Nei in stikmannich jierren as ûnderwizer waard er haad fan in skoalle yn Dokkum. Hy boaske mei Wilhelmina Klazina Houwen. Letter hat er noch skoalhaad yn Arnhim west.
Yn 1894 kaam er werom op de Rykskweekskoalle yn Grins, mar no as learaar Nederlânske taal en pedagogyk. Teffens waard er direkteur fan de Ryksnormaallessen.
Mei 54 jier is Scheepstra hommels ferstoarn.
Bibliografy
bewurkje seksjeScheepstra skraeau tegearre mei de ûnderwizer Wiebe Kornelis Walstra (1852-1917) Aanschouwingsonderwijs in de lagere school, in hânlieding by platen fan dieren en gebrûksfoarwerpen (1891). Yn 1893 kaam Natuurkennis voor de volksschool en Schoolwandelingen út, en yn 1895 Ambachten en bedrijven. Fierders wie er redakteur fan it perioadyk Schoolwereld. Sjoch foar mear hjirûnder.
Mei Lighthart
bewurkje seksjeScheepstra hat in soad oparbeide mei de Haachske skoalmaster en pedagooch Jan Ligthart. Sy hawwe tegearre ferskate rigen berneboekjes makke, mei yllustraasjes fan de Haachske ûnderwizer W.K. de Bruin en de ferneamde Cornelis Jetses. Dy lêste hat tige bydroegen oan it súkses fan Dicht bij huis (1902/1903), dy't hielendal troch Scheepstra kreaun waard. Op de earste rige boekjes nei hat Scheepstra fierwei it grutste part fan de lettere rigen skreaun, hoewol't Lighthart hieltyd as earste auteur neamd waard. Lighthart hat dit nammers nea tsjinsprutsen. Earst yn 1976 is Scheepstra rjocht dien troch de publikaasjes fan Jan Niemeijeren waard syn rol by it grutte publyk bekend.
Literatuer
bewurkje seksje- Niemeijer, Jan A.(1976) De Wereld van Cornelis Jetses. De Vuurbaak, Grins. ISBN 90-6015-323-5
- Niemeijer, Jan A.(1997) Kijk, Ot en Sien, een klassieker in de Nederlandse jeugdliteratuur. Baarn, Callenbach ISBN 90-3300-230-2 . Earder, yn 1991, útjûn troch FPB útjouwers te Drachten.