Iuwen: 5e fK 4e fK 3e fK 2e fK 1e fK 1e iuw 2e 3e 4e 5e 6e
Jierren: 5 fK 4 fK 3 fK 2 fK 1 fK 1 2 3 4 5 6


Der bestiet gjin jier 0; yn ús jiertelling wurdt it jier 1 foar Kristus daliks folge troch it jier 1 nei Kristus.

De logika dêrfan is dat de jiertelling gjin 'nuljier' hat, lykas in moanne ek net in dei nul hat. De jiertelling hat gjin nuljier, mar in nulpunt, dat it begjinpunt fan de jiertelling is. It nulpunt fan ús jiertelling is dus de jierwiksel fan 1 f.Kr. nei 1 n.Kr. Dat punt waard oarspronklik achte gear te fallen mei de berte fan Jezus fan Nazaret. Dat tiidstip waard inkele iuwen letter as it begjinpunt fan de kristlike jiertelling oannommen. De measte ûndersikers stelle lykwols dat de feitlike berte fan Jezus ûngefear fjouwer jier foar dat tiidstip barde.

Yn guon wittenskippen (benammen yn de astronomy) wurdt in oar systeem brûkt. It jier foarôfgeand oan it jier 1, wurdt dêr it jier 0 neamd (wat oerienstimt mei 1 foar Kristus). It jier dêrfoar wurdt it jier -1 neamd (wat oerienstimt mei 2 foar Kristus). De reden hjirfoar is dat formules wêryn it jier ynfolle wurde moat, ûnoan brûkt wurde moatte kinne. ISO 8601 brûkt ek dizze astronomyske jiertelling, mar dêryn wurde jiertallen hieltiten mei minstens 4 sifers oantsjutten: 0001 wurdt foarôfgien troch 0000 (1 foar Kristus), en it jier dêrfoar is -0001 (2 foar Kristus). Achtsje dat ISO 8601 standert de Gregoriaanske kalinder brûkt, sels proleptysk (dus foar dy kalinder ynfierd waard). Yn de gewoane taal en yn de skiednis wurdt dizze manier fan tellen lykwols komselden brûkt.

It jier nul yn de taal

bewurkje seksje

Mei it jier nul tsjut men oan dat eat âldfrinzich of weardeleas:
Sa'n jaske dat kin echt net mear, dat is der ien út it jier nul.