05-06
05-06 is de twadde dichtbondel fan Arjan Hut. By de bondel ferskynde in CD, mei teksten dy 't Hut bewurke en opnaam mei producer Jaap van der Meer, en in DVD mei de film Mei pioniersleazens tekenje ik de stêd op 'e nij troch Wyld Hynder Films. De gedichten binne skreaun doe 't Hut stêdsdichter fan Ljouwert wie, yn 2005 en 2006. De gedichten binne meast skreaun yn it Frysk en foarsjoen fan in Nederlânsktalige oersetting. Twa fersen binne yn it Liwwadders skreaun, it Stêdsk fan Ljouwert: Oud Indise Wyk en Institút. De bekendste stêdsgedichten fan Hut binne Under de Toer, dat ûnder oaren yn it Ljouwerter stêdhûs syn plak fûn hat, It Unfolsleine Spoar en it lange foardrachtfers Fjoertoer de Aldehou, in poetyske selfevaluaasje mei in politike ynslach, opdroegen oan de Wolf. Foar de liettekst Mata Hari krige Hut yn 2005 de Steven Sterkpriis. It lêste stêdsgedicht wie Onder de klokslag, skreaun op fersyk fan Adriaan Jaeggi foar in lyts stêdsdichterstreffen yn it Paroolteater te Amsterdam, desimber 2007.
Ynhâld
bewurkje seksje- Plankenkoorts
- Stille tocht / Stille tocht
- Stille tocht is opnommen yn de twadde Spiegel van de Friese Poëzie
- Under de toer / Onder de toren
- Keetwaltsje / Keetwaltje
- Berjochten yn it hertslach / Berichten in een hartslag
- Amsterdammer / Amsterdammer
- It ûnfolsleine spoar / Het onvolslagen spoar
- De tekst is op muzyk set troch Rinke Schroor, dy't it sjongt en spilet op de cd. Yn de simmer fan 2007 is it nûmer spile troch Hut, mei de bands Ljoubjr en Novelle, op harren toernee troch Fryslân by âlde tsjerken del.
- Oost Indise Wyk / Oost Indische Wijk
- Fjoertoer de Aldehou / Vuurtoren de Oldehove
- Institút / Instituut
- Slach by Ljouwert / Slach bij Leeuwarden
- De Centraal Apotheek / De Centraal Apotheek
- Onder de klokslag
- Madrid / Madrid
- Murmansk / Murmansk
- Fan Fryslân nei myn holle / Van Friesland naar mijn hoofd
- Houliksnacht / Huwelijksnacht
- Orbitron Prime / Orbitron Prime
- Rin, Thomasz / Ren, Thomasz
- Achtertunen / Achtertuinen
- De Stjerrewachter / De Sterrenwachter
- Mata Hari
Tracklist CD
bewurkje seksje- Plankenkoorts (1:20)
- Under de toer (2:07)
- Rin, Thomasz (1:44)
- De Stjerrewachter (3:21)
- Berjochten yn in hertslach (2:08)
- Stille tocht (0:54)
- It ûnfolsleine spoar (4:27)
- Keetwaltsje (0:40)
- Fan Fryslân nei myn holle (2:42)
- Slach by Ljouwert (1:34)
- Mata Hari (3:19)
- De Centraal Apotheek (1:17)
- Orbitron Prime (5:44)
totale rintiid: 31:24
Ferskaat
bewurkje seksje- De folsleine titel fan 05 06 is Arjan Hut 0506 stêdsgedichten & klokslach fan Ljouwert - stadsgedichten en klokslag van Leeuwarden.
- De bondel duorret 68 bledsiden en 50 minuten (ynklusyf film en cd).
- Plankenkoorts (it earste gedicht) stiet allinnich yn it Nederlânsk yn de bondel, Mata Hari (it lêste gedicht) allinnich yn it Frysk.
- '05 06' wie de earste bondel fan in Fryske dichter mei in CD èn in DVD.
- De foarmjouwing fan 0506 is dien troch Gert Jan Slachter.
- Op de CD steane songen bydragen fan Donna Wouda en Rinke Schroor.
- De measte stêdsgedichten fan Arjan Hut ferskynden op de webside fan de gemeente Ljouwert, in diel ek yn de Ljouwerter Krante en op de webside fan it blêd Liwwadders.
- Yn it fers Fjoertoer de Aldehou skriuwt Hut oer alle dingen dêr 't er as stêdsdichter fan ôf bleaun is.