Abraham Jacob van der Aa

(Trochferwiisd fan A.J. van der Aa)

Abraham Jacob van der Aa (Amsterdam, 7 desimber 1792 - Gorinchem, 21 maart 1857) wie in Nederlânske letterkundige, dy't foaral bekend wurden is fan syn Aardrijkskundig Woordenboek der Nederlanden.

Abraham Jacob van der Aa
skriuwer
Abraham Jacob van der Aa, portret fan Adrianus Johannes Ehnle
Abraham Jacob van der Aa, portret fan Adrianus Johannes Ehnle
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 7 desimber 1792
berteplak Amsterdam
stoarn 21 maart 1857
wurk
bekendste
  wurk(en)
Aardrijkskundig Woordenboek der Nederlanden, Biographisch Woordenboek der Nederlanden.
offisjele webside
DBNL

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy wie in soan fan Mr. Pierre Jean Baptiste Charles van der Aa (1770 — 1812), jurist, patriot en skriuwer en fan en Francinca Adriana Bartha van Peene. Hy wie in broer fan jurist en auteur Christianus Petrus Eliza Robidé van der Aa (1791-1851). De konskripsje brocht Van der Aa ûnder de seemilysje. Yn de oarloch rekke er kriichsfinzen yn Ingelân, de werstelling makke him ta lânsferdigener; dat alles barde fan 1812 oant 1817. Dêrnei waard er boekhanneler yn Leuven; twa jier letter ferwiksele er dat fak, dêr't er net folle doel oer hie, mei it ûnderwiis. Fan 1825 oant de Omkearing fan 1830 wie er skriuwer by de Antwerpske auditeur-militêr en flechte doe nei Breda, dêr't er mannige gefaarlike tocht wei makke, ek nei Antwerpen. Sûnt 1841 wenne er yn Gorinchem dêr't syn Ierdrykskundich Wurdboek ek ferskynde, en stoar dêre op 21 maart 1857.

Van der Aa syn Ierdrykskundich Wurdboek bestie út fjirtjin dielen en waard tusken 1839 en 1851 útbrocht troch de útjouwerij fan Jacobus Noorduyn te Gorinchem. It wurk waard gearstald mei help fan talleaze regionale skiedkunigen en oare wittenskippers. Ien fan dy skiedkundigen wie Adriaan Brock (1775-1834), dy't ûnder oaren materiaal oer Sudeast-Brabân levere. It wurk beskriuwt Nederlân, Lúksemboarch en de eardere Nederlânske koloanjes. It wurdt noch hieltyd brûkt as neislachwurk, hoewol't bliken dien hat dat net alle ynformaasje folslein betrouber is.

 
Een Meisje van Hindeloopen (út Ons Vaderland en zijne bewoners 1855-'57)
  • Aardrijkskundig Woordenboek van Noord-Brabant (Breda, 1832);
  • Herinneringen uit het gebied der geschiedenis (Amsterdam 1835);
  • Nieuwe herinneringen (Amsterdam 1837);
  • Geschied- en aardrijkskundige beschrijving van het koningrijk der Nederlanden (Gorinchem 1841);
  • Nieuw biographisch, anthologisch en critisch woordenboek van Nederlandsche dichters (Amsterdam 1844-1846);
  • Geschiedkundig beschrijving van Breda (Gorinchem 1845);
  • Nederlandsch Oost-Indië Amst. en Breda, 1846-'57, 4 dielen;
  • Beschrijving van den Krimpener en den Loopikerwaard, Schoonh. 1847;
  • Nederland, handboekje voor reizigers, Amsterdam 1849; '
  • Lotgevallen van Willem Heenvliet, Amsterdam 1851;
  • Biografisch Woordenboek. der Nederlanden, Haarlim 1851-'57;
  • Beknopt Aardrijkskundig Woordenboek der Nederlanden, Gorinchem 1851-'54;
  • Bloemlezing uit [Van Effen's] Spectator, in Klassiek en Letterkundig Pantheon 1855, 2 delen;
  • Parelen uit de lettervruchten van Nederl. dichteressen, Amsterdam 1856;
  • Ons Vaderland en zijne bewoners, Amsterdam 1855-'57.

Op syn siikbêd skreau er it Levensbericht van A.C. Schenk Hannelingen fan de Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde 1857. Fierders wie er redakteur fan de Súd- en Noard-Hollânske Folksalmanak en levere er in protte bydragen yn: Letterlievend maandschrift, Vaderlandsche Letteroefeningen, Vriend des Vaderlands, Algemeene Konst- en Letterbode, Maria en Martha, Astrea, Globe, en de De Navorscher.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: