In Dream yn in Dream
In Dream yn in Dream, yn it oarspronklike Ingelsk: A Dream within a Dream, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). Yn dit gedicht, dat bestiet út 24 fersregels yn twa kûpletten, wurdt it ûnderskie tusken reäliteit en fantasij befrege. A Dream within a Dream is ien fan Poe syn bekendere gedichten, dat gauris adaptearre is, û.m. ta in film en ferskate lieten. It waard foar it earst publisearre yn maart 1849, yn it Bostonske tydskrift Flag of Our Union. De Fryske oersetting, fan Herman Peenstra, datearret út 2008.
In Dream yn in Dream | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | A Dream within a Dream | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
1e publikaasje | 1849 | |
bondel | The Works of the Late Edgar Allan Poe | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | In Dream yn in Dream | |
publikaasje | 2008, yn HJIR | |
oersetter | Herman Peenstra |
Ynhâld
bewurkje seksjeA Dream within a Dream dramatisearret de betizing dy't in minske oerfalle kin as er tasjen moat hoe't de wichtige dingen yn it libben oan syn gryp ûntglûpe. It besef dat er net iens ien sânkerl beethâlde kin, liedt ta syn úteinlike fraach oft alles dan soms in dream is. Yn it gedicht wurdt "gouden sân" neamd, in byld dat Poe ûntliende oan 'e Kalifornyske Goudkoarts fan 1849. It bekendste sitaat út it gedicht is de regel: "Is all that we see or seem but a dream within a dream?" ("Is alles dat wy sjogge of lykje mar in dream yn in dream?").
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan A Dream within a Dream ferskynde yn 2008 ûnder de titel In Dream yn in Dream, yn it tydskrift HJIR. De fertaling wie fan 'e hân fan Herman Peenstra.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |