Aad van Dulst
Arie Jan van Dulst, meast Aad van Dulst (Rotterdam, 9 maaie 1929 - Hoofddorp, 5 maart 2001) wie boargemaster fan Tytsjerksteradiel fan 1982-1986 foar de CHU en letter it CDA. Yn 1989 wie er boargemaster fan Haarlimmermar, dêr't er earder ôftrede moast as de bedoeling wie, doe't oan it ljocht kaam dat er mei syn reiskoste- en oare fergoedings sjoemele hie en sa teminsten ƒ15.000,- tefolle opstrutsen hie.