Aailânpolder
Skiednis
bewurkje seksjeAailân siet yn de Midsiuwen, oant de ein fan de 13e iuw, fêst oan Flylân. Letter bruts it wetter der trochhinne en waard "Eierland" in apart eilân. It tilde der op fan de fûgels en de minsken gongen der hinne te aaisykjen; dêr komt de namme wei. Yn 1835 waard, ûnder lieding fan Nicolas Joseph De Cock út Antwerpen, útein set mei it ynpolderjen fan it waad tusken Teksel en Aailân. Yn de nije polder Eierland waard yn 1836 in doarp stifte dat yn it earstoan Nieuwdorp hjitte, mar dat letter nei De Cock neamd waard: De Cocksdorp. De boeren dy't har dêr ta wenjen setten kamen út hiel Nederlân, wat je no noch sjen kinne oan de nammen fan de pleatsen. In soad fan dy pleatsen lykwols binne yn de Russenoarloch ôfbaarnd troch de Wehrmacht.