In aapkeskoetsier wie in koetsier fan hierkoetsen, klaaid yn unifoarm.

Aapkeskoetsier yn it Polygoonsjoernaal, 1947

Skiednis bewurkje seksje

De beneaming ûntstie nei alle gedachten yn Amsterdam doe 't dêr yn 1880 in hynstetaksybedriuw, de Amsterdamsche Rijtuig Maatschappij, oprjochte waard. De koetsiers op 'e koetseweinen moasten har ûnderskiede fan de al besteande, wat earmoedige, ienmansferfierbedriuwkes en waarden dêrta yn in havanakleurige riidrok, in read fest, in wytlakte hoed en in swarte reinjas stutsen.

Sa seagen se der tige opfallend, mar ek wat clownesk, út en waarden dêrom aapkes neamd. Yn dy tiid rûnen der nammentlik ek potsemakkers mei yn unifoarm stutsen lytse aapkes om. De namme aapke gie úteinlik op 'e koets oer, wêrmei 't de koetsier dus aapkeskoetsier hjitte soe.

Trivia bewurkje seksje

In folkslietsje út dy tiid makket gewach fan de skrille tsjinstelling tusken it sabeare unifoarm en de werklike, lege, posysje dy 't de koetsier yn de doetiidske maatskippij taparte waard:

Gekleed als een aapje maken wij nog veel zwier
Maar ik kan 't niet helpen ik ben maar koetsier

Keppeling om utens bewurkje seksje