Ierdrykskundich Wurdboek fan de Nederlannen

It Ierdrykskundich Wurdboek fan de Nederlannen (Aardrijkskundig Woordenboek der Nederlanden) is in wurdboek dat in wiidweidige beskriuwing jout fan de skiednis en geografy fan grutte en lytse plakken yn Nederlân. It earste part ferskynde yn 1837.

De skriuwer, Abraham Jacob van der Aa, wie auteur fan de Zuid- en Noord-Nederlandse Volksalmanak en hie sadwaande in soad materiaal sammelje kind foar syn Wurdboek. Hy wie fan doel en bring fan alle plakken het wetenswaardigste byinoar. Yn 't earstoan woe Van der Aa it hiele doedestiidske keninkryk beskriuwe, dat ek de plakken yn it lettere België, mar fanwegen wat Van der Aa de "heilloozen opstand in België" neamde, gie dat net troch. Van der Aa waard dêrtroch twong syn wurk te beheinen ta de plakken yn Noard-Nederlân, mar wol dêrby ynbegrepen Lúksemboarch en guon Limburchske lokaasjes.

Van der Aa gie troch mei syn Aardrijkskundig Woordenboek oant yn 1851; der wiene op dat stuit fjirtjin dielen. Ek hjoed de dei wurdt it neislachwurk noch brûkt troch ûndersikers. Nei't in werprintinge út 1976 útferkocht wie, hat it Sintraal Buro foar Genealogy (CBG) yn 2003 it inisjatyf naam om de tekst op CD-ROM ta foldwaan te jaan.

It Ierdrykskundich Wurdboek fan de Nederlannen on line bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NB: It titelblêd fan it fjirtjinde diel fernijt "Dertiende Deel".