Ab urbe condita
Ab urbe Condita (ôfkoarte; AUC) betsjut yn it Latyn; yn it jier fan it stiftsjen fan de stêd (Rome). Dizze kalinder begjint yn 753 f.Kr., want neffens de boarnen is dat it jier dat de stêd Rome stifte is. It fieren fan de stiftingsdei fan de stêd wie yn it earstoan om propaganda. Keizer Klaudius wie de earste dy't yn it jier 47 de kalinder brûkte, oare keizers soenen dat letter ek dwaan.
Yn 248 fierde Filippus I Arabs it earste milennium fan Rome, tegearre mei de Ludi saeculares foar it (saneamde) tsiende saeculum fan Rome. De munten dy't ûnder syn bewâld slein binne binne in oantinken oan dy feestlikens. Pacatianus, dy't it foarsjoen hie op de ymperiale troan, liet ek in munt slaan dêr't dúdlik op stiet "jier tûzen en ien", dat jout mooglik oan dat it foar de ynwenners fan it ryk krekt fielde as wie it in nije jiertelling, in Saeculum Novum.