Filippus Arabs
Marcus Julius Philippus (±204 - 249), bekend as Filippus Arabs, 'Filippus de Arabier', wie keizer fan Rome 244 oant 249.
Opkomst
bewurkje seksjeOer it libben en politike karriêre fan Filippus foardat er keizer waard is net folle bekend. Hy wie de soan fan Julius Marinus en is nei alle gedachten berne yn Arabia Trachonitis (de krite beëasten de Mar fan Tiberias) of yn Damaskus, yn de destiids Romeinske provinsje Syrje.
Fan Filippus is bekend dat er direkt of yndirekt belutsen west is by de dea fan de prefekt fan de praetoriaanske garde, Timesteus dy't er opfolge en dêrnei by dy fan keizer Gordianus III.
Timesteus wie op dat stuit tige súksesfol yn de militêre kampanje tsjin de Perzen en ferstoar hommels troch in sykte as Filippus op it skiednistoaniel ferskynt as syn opfolger. De striid tsjin de Perzen set him troch en yn it begjin fan 244 hawwe de Romeinen te krijen mei in sterke Perzyske tsjinoanfal dy't neffens de Perzske boarnen út dy tiid einige mei in oerwinning op de Romeinen yn de slach fan Misiche (tichtby it moderne Fallujah yn Irak) en de dea fan keizer Gordianus III. Dizze nederlaach wurdt yn de Romeinske boarnen net neamd en de dea fan de keizer wurdt suggerearre fierder wei, oan de boppestream fan de Eufraat. Lettere boarnen hawwe Filippus dy't him opfolge, oanwiisd as de moardner fan Gordianusm, mar de krekte omstannigens fan syn dea binne net bekend.
Keizer
bewurkje seksjeSadree hy keizer wurden is keapet Filippus in ûngeunstige frede mei Shapur I om him fuort op famyljesaken te konsintrearen. Hy joech syn broer Priskus it gesach (as rector Orientis) oer it eastlike part fan it ryk, skonk syn seisjierrige soantsje Filippus II de titel Caesar en sy frou Otasilia Severa de titel Augusta (ferhevene, keizerin). Dêrnei giet er nei Rome om syn gesach troch senaat befêstige te litten.
Fan 245-247 hâlde hy him dwaande de grinzen fan it Romeinske ryk te ferdigenen (de Donau) tsjin de Kapry en de Germanen, wêrnei hy yn 247 yn triomf weromkomd en syn op dat stuit 9- of 10-jierrige soan ta meikeizer ferheft.
Tûzenjierrich ryk
bewurkje seksjeOp 21 april 248 iepene Filippus de festiviteiten ter eare fan de tûzenste jierdei fan de stifting fan Rome yn 753 f.Kr. troch Romulus en Remus. Koart dêrnei brekt der yn it grinsgebiet by de Donau in opstân út. De opstân wurdt delslagge mar liede wol ta nij ynvaazjes troch de oanswettende stammen. Ek yn it easten is it ûnrêstich troch alderlei opstannen as gefolch fan it wrede wanbestjoer fan syn Priskus.
Ein
bewurkje seksjeNeffens de skriftlike boarnen hat Filippus syn ûntslach yntsjinne wolle by de senaat, mar waard fan dizze stap wjerhâlden troch de senator en stedsprefekt Trajanus Desius. Dizze waard troch Filippus as nij kommandant oansteld fan de yn Moesje en Pannoanje om de oarde te werstellen. Desius slaggee yn dizze opdracht, mar troch syn troepen waard hy yn 249 as keizer útroppen en rukten op nei Rome. De troepen fan Filippus en Desius rekken yn de hjerst fan 249 slachs meiïnoar, wierskynlik by Ferona (Itaalje). Filippus sneuvele yn de striid.