Abdij fan Hambye
De Abdij fan Us-Leaffrouwe fan Hambye (Frânsk: Abbaye Notre-Dame de Hambye) is in âlde benediktynske abdij yn it Frânske departemint Manche yn de regio Normandje. De yn de 12e iuw stifte abdij is tsjintwurdich foar in part in ruïne.
Abdij fan Us-Leaffrouwe fan Hambye
Abbaye Notre-Dame de Hambye | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Manche | |
plak | Saint-Pierre-sur-Dives | |
adres | 3 Rue Saint-Benoît | |
koördinaten | 48° 55' N 1° 15' W | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
oarde | Benediktinen | |
oprjochting | 1145 | |
opheffing | Frânske Revolúsje | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | Histoarysk monumint | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe abdij waard yn 1145 stifte troch Guillaume Painel, hear fan Hambye. Painel helle muontsen fan de abdij fan Tiron om it kleaster op te bouwen.
Yn 'e 13e iuw makke de abdij syn grutste bloei mei. Dêrnei rekke de abdij stadichoan yn it neigean. Noch foar de Frânske Revolúsje ferlieten de lêste muontsen de abdij. It kleaster waard as nasjonaal eigendom ferkocht en waard foar de lânbou brûkt. Sûnt 1810 tsjinne de tsjerke as stiengroeve en de kleastergong waard wat letter ôfbrutsen.
Hjoeddeisk gebrûk
bewurkje seksjeSûnt 1902 is de abdijtsjerke in histoarysk monumint. De rest fan it kompleks folge yn 1925.
De abdij is tsjintwurdich foar toeristen iepene. Njonken it restaurearre konvint binne de ruïnes en wikseljende útstallings oer meubilêr, tapiten of religieuze ornaminten te besjen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abdij fan Hambye fan Wikimedia Commons. |