Abt

(Trochferwiisd fan Abdisse)

In abt (of abdis(se) froulik) is de lieder, it haad, fan in abdij. Hy is de 'primus inter pares' fan de muontsen (of nonnen) en wurdt yn de hiërargy folge troch de prior. Yn syn wurk wurdt de abt bystien troch de 'ried', in lytse groep muontsen, dêrûnder de prior, dy't yn gearwurking mei it deistich bestjoer, de abdij bestjoere. De abt wurdt yn de benediktynske tradysje troch de muontsen sels keazen.

In abt kin in mitere of in net-mitere abt wêze. Yn it earste gefal wurdt hy tsjerkerjochtlik op itselde nivo sjoen as in biskop en hat de jurisdiksje oer de abdij, lykas in biskop oer in bisdom. Der is dan sprake fan in saneamde eksimpte abdij. Eartiids wie it mooglik dat in eksimpte abt de legere wijingen oant en mei it subdiakonaat tatsjinne oan de geastliken yn syn machtsgebiet. Nei it ôfskaffen fan dy legere wijingen is dat allinnich noch mooglik troch in biskop.

By de minderbruorren wurdt de oerste de gardiaan neamd.