Abel Cahen
Abel Cahen (Geldrop, 1934) is in Nederlânsk arsjitekt.
Cahen studearre boukunde oan de Technyske Universiteit yn Delft. Dêrnei waard er dosint oan de Gerrit Rietveld Akademy, it Ynstitút foar Arsjitektuer yn Rotterdam en it Berlage Ynstitút yn Amsterdam. Hy wûn 1989 de Council of Europe Museumprize en yn 1991 de Rietveldpriis.[1]
Cahen is troud mei earder tillefyzjepresintatrise Sonja Barend.
Wurk (karút)
bewurkje seksje- 1968: wente oan de Singel 428, Amsterdam
- 1987: Joadsk Histoarysk Museum, Amsterdam
- 1988: Kantoargebou fan Ryksgebou foar Aldheidkundich Boaimûndersyk (RACM, it eardere ROB), Stad van Cahen,[2] Amersfoort
- 1991: Instituut voor Psychiatrische Dagbehandeling Utert
- 2003: útwreiding Van Abbemuseum Eindhoven
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|