Abraham Capadose (Amsterdam, 22 augustus 1795 - De Haach, 16 desimber 1874) wie in bekearde Sefardyske joad, Kalvinistysk skriuwer en dokter dy't ta It Réveil hearde.

Abraham Capadose

Capadose wie fan Portugeesk-Joadsk komôf en kaam út in foaroansteande famylje. Hy studearre medisinen oan de Universiteit Leien en fêstige him dêrnei as dokter yn Amsterdam.

Yn Leiden kaam er yn de kunde mei Willem Bilderdijk en folge skiednislessen by him. Hy bestudearre mei Isaäc da Costa de Bibel en bekearde him mei syn frou en Da Costa ta it kristendom op 20 oktober 1822.

Capadose hearde ta de rûnten fan It Réveil; hy folge Bilderdijk nei. Hy wie in fûl tsjinstanner fan demokrasy en as dokter ek tsjin ynintingen tsjin de kopokken. Yn 1866 gie er by de Nederlânske Herfoarme Tsjerke dy't neffens him net ortodoks genôch wie.

  • Aan Mijne Geloofsgenooten in de Ned. Hebr. Gem, De Haach, 1843
  • Overdenkingen over Israëls Roeping en Toekomst, Amsterdam, 1843
  • Rome en Jerusalem, Utert, 1851.

Keppeling om utens

bewurkje seksje