Abraham van der Hart
Abraham van der Hart (Amsterdam, 1747 - dêre, 1820) wie in Nederlânsk arsjitekt.
Wurk
bewurkje seksjeFan 1777 ôf oant syn dea yn 1820 wie Van der Hart stedsboumaster fan Amsterdam. Hy realisearre yn dy tiid ferskate grutte wurken, lykas it Maagdenhuis en it Nieuwe Werkhuis, beide útfierd yn in klassisistyske styl. Ek waarden ûnder syn lieding yn 1829 twa Amsterdamske tuorren sloop dy't frijwat beskiedend foar it oansjen fan de stêd wiene. Dat wiene de Jan Roodenpoortstoer en de Haringpakkerstoer. Der binne plannen om de Haringpakkerstoer op 'en nij te bouwen. Van der Hart hat fanwege partikulieren in tal steatlike patrysjerswenten ûntwurpen. Dy binne fral te finen yn Amsterdam en Haarlim. Foarbylden yn Haarlim binne it Hûs Hodshon en Hûs Barnaart. Van der Hart waard as stedsboumaster opfolge troch Jan de Greef.
List mei sy wurk
bewurkje seksje- 1779-1782 Amsterdam: Nije Wurkhûs, Weesperveld
- 1783-1787 Amsterdam: Maagdenhuis, Spui 21
- 1794-1795 Haarlim: Hûs Hodshon
- 1801 Haarlim: Teekoepel Bellevue, Spaarne
- 1803-1808 Haarlim: Hûs Barnaart
- 1810-1813 Amsterdam: Oranje-Nassau Kazerne
- 1815 Soestdijk: Nille fan Waterloo
-
Teekoepel fan it Haarlimske Bellevue út 1801
-
It Hûs Barnaart yn Haarlim
-
De nille fan Waterloo
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Abraham van der Hart fan Wikimedia Commons. |